Flekswurkje yn skoallokalen

De earste oere stake de learkrêften basisûnderwiis © ANP XTRA
Underwiisgroep Primus út Skarsterlân wol klasselokalen ferhiere as fleksibel wurkplak. Primus wol sa foarkomme dat lokalen leech komme te stean. Dat bart hieltyd faker troch dat der minder bern komme as gefolch fan befolkingskrimp.
Lege lokalen kostje de skoallen jild. Troch se te ferhieren kin dat probleem foarkaam wurde. Skoallen op oare plakken yn it lân dogge it al in skoftke en dêr wurket it goed.