Appeltjes Beatrix yn Belvédère

06 sep 2013 - 15:49

De Appeltjes van Oranje, makke troch prinses Beatrix, binne fan freed ôf te sjen in Museum Belvédère op It Hearrenfean. It keunstwurk wie in 1992 in bysûnder kado foar de Twadde Keamer. Keamerfoarsitter Anouchka van Miltenburg brocht it wurk freed sels by it museum del.

Keunstner Auke de Vries brocht Beatrix op it idee foar it keunstwurk. Sy boetsearde it orizjineel en De Vries makke der in tinnen ôfjitsel fan. It is der earste kear dat it stik útliend is. It hat sawat in jier duorre foardat de Twadde Keamer akkoart gie.

It keunstwurk is in ûnderdiel fan de tentoanstelling 'Met koninklijke instemming'. Ein novimber moatte de Appeltjes van Oranje werom nei Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)