Oppakt foar ynbraak mei geweld

06 sep 2013 - 15:29

De plysje hat in 21-jierrige man út Drachten en een 22-jierrige ynwenner fan De Rottefalle oanhâlden foar in ynbraak mei geweld yn Grins. De twa manlju brutsen mei in Grinzer (21) en in man sûnder fêst wenplak yn jannewaris yn yn in bedriuw oan de Parklaan yn Grins. De eigener trapearre de manlju. De fjouwer ynbrekkers hawwe him doe mishannele en bedrige.

De plysje hie in grut ûndersyk opstarten en krige de fjouwer fertochten ein augustus yn it fizier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)