Filmfestival Snits sukses

© ANP XTRA
It festival Sneker Filmwinter hat ôfrûne wykein 1850 besikers lutsen. Yn bioskoop Cinesneek waard in oersjoch bean fan it ôfrûne filmjier dat bestie út 33 films, dy't allegear noch net yn Snits fertoand wiene. Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries iepene it festival. Under mear wiene de films Drive, Pina en Norwegian Wood te sjen. It wie de twadde edysje fan it Snitser filmfestival. Der kamen dit jier in kwart mear minsken op ôf as de earste kear.