'Nijefurd' wol stoart hâlde

24 jan 2012 - 20:38

De pleatslike belangen yn it eardere Nijefurd wolle opheldering oer de sluting fan de miljeustrjitte yn Koudum. Se wolle witte oft besocht is it gemeentlik stoart te behâlden. De gemeente Súdwest-Fryslân slút de miljeustrjitten fan Koudum en Heech, omdat dy net feilich binne en der gjin jild is om se by de tiid te bringen. Grut smoargens, lyts gemysk ôffal en snoeiôffal moat tenei nei Boalsert en Snits. De nije gemeenteried moat ynkoarten beslute. De pleatslike belangen fan Koudum en Heech hawwe al ferset oankundige, oare doarpen dogge no mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)