Politisy krije bidbook KH2018

Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018
Riedsleden fan Ljouwert en leden fan Provinsjale Steaten krije freed it bidbook oanbean foar Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Dat bart op it útslachfeest op it Gouverneursplein yn Ljouwert. De organisaasje wol dêrmei de politisy betankje foar har ynset by de wedstriid.
It bidbook is neffens de organisaasje in ôfspegeling fan alles wat Ljouwert en Fryslân te bieden hawwe foar de takomst, oft Ljouwert freed no wol of net beneamd wurdt ta Kulturele Haadstêd yn 2018.
Op it Gouverneursplein kin de útslach fan de striid om de Kulturele Haadstêd freedtemiddei live folge wurde.