Frysk famke op posters

In Frysk famke fan trije is op it stuit rûnom yn Haarlem te sjen as reklame foar in tentoanstelling yn it Teylersmuseum. It giet om Anna van Popma fan Weidum, dêr't yn 1618 in skilderij fan makke is. Anna is it gesicht fan in tentoanstelling oer penningen. Op it skilderij hat it adellike famke in opfallende gouden penning om de hals. It skilderij fan Anna van Popma is eigendom fan it Fries Museum en sil oar jier te sjen wêze yn de iepeningstentoanstelling fan it nije museum.