Folkstunen Nut en Genoegen fol

Folkstúnferiening 'Nut en Genoegen' yn Snits sit in lytse twa jier nei de ferhuzing nei it nije plak al wer fol. 'Nut en genoegen' bestiet it kommende wykein 75 jier. Wethâlder Gea Akkerman sil sneon it nije klupgebou iepenje op folkstúnkompleks 'De Noorderhoek'.
De folkstunen binne oanlein op in earder sportkompleks. It foldocht de feriening bêst op it nije plak. De nije grûn is goed fruchtber en der is ek oanrin fan sa'n 25 nije leden. Nut en Genoegen hat no 160 leden en hat alle perselen sa'n bytsje útjûn.
Sneon is der feest en iepen dei by Nut en Genoegen. Neffens foarsitter Marten Boonstra is in 'folkstún' hjoed-de-dei wer hielendal yn, want de feriening hat ek frijwat jongere leden krigen. Njonken it túnkjen sels fynt Boonstra ek it sosjale aspekt fan de feriening belangryk.