Pit net op list om motorklup

Riedslid Maaike Pit fan Gemeentebelangen Hearrenfean stiet net op de list foar de kommende riedsferkiezings, omdat har freon lid wurdt fan de Wolvegeaster motorklup Black Sheep Darkriders. Dat hawwe de leden fan Gemeentebelangen tongersdeitejûn besletten. Fraksjefoarsitter Tino van der Ven fan Gemeentebelangen stiet achter it beslút fan de leden om har net wer om de list te setten.
Van der Ven seit it wol spitich te finen 'foar Maaike Pit sels'. Wethâlder Age Hartsuiker waard keazen ta listlûker fan Gemeentebelangen.
De Black Sheep Darkriders stiet op de list fan de saneamde 'ienpersints motorklups' fan de oerheid. Oer dizze motorklups seit de oerheid dat de leden harsels bûten de wet pleatse en dat it lidmaatskip net te kombinearjen is mei in publike funksje. Maaike Pit wie freed sels net berikber foar kommentaar.