Dronken man wol útnaaie

06 sep 2013 - 11:27

In dronken autobestjoerder hat tongersdeitejûn yn Ljouwert dravend besocht om oan de plysje te ûntkommen. De man wie op de Grinzerstrjitwei troch read ljocht riden en hy ried hastich. Mei de plysje achter him oan stode er rjochting Frijheidswyk. Op de Koerierstersespel stapte er út en waard er oansprutsen troch de plysje. De bestjoerder naaide dêrnei út.

Nei in koarte achterfolging waard er oanhâlden. Hy wie dronken en siet noch yn syn proeftiid fan in ferkearsmisdriuw fan ferline jier. De man krige ek noch in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Ljouwert dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)