Beslút KH2018 falt hjoed

06 sep 2013 - 10:44

Freedtemiddei om healwei fiven wurdt bekend oft Ljouwert Nederlânsk kandidaat wurdt foar Europeeske Kulturele Haadstêd 2018. It beslút falt yn kultureel sintrum Felix Meritis yn Amsterdam. Maastricht en Eindhoven tingje ek mei nei de kandidatuer.

It beslút is yn Ljouwert live te folgjen yn in feestlike sfear op in grut skerm op it Gouverneursplein. Omrop Fryslân is derby mei Noardewyn op de radio fan 2 oant 4 oere. Fan 4 oere ôf is der in ekstra televyzje-útstjoering.

Yn 2018 binne Nederlân en Malta oan bar om de Europeeske Kulturele Haadstêd te leverjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)