Fragen PVV oer wurkprojekt

06 sep 2013 - 09:57
  • Provinsjehûs Ljouwert

De steatefraksje fan de PVV wol witte hoe't Deputearre Steaten it projekt Wurkje foar Fryslân betelje wolle. DS lûke dêryn 90.000 út foar elk nij arbeidsplak. It kolleezje wol sa 7500 minsken oan in baan helpe. Dat soe betelle wurde moatte út de Nuon-jilden.

Neffens de PVV is der, as dat slagget, 675 miljoen euro nedich. Mar der is mar 300 miljoen beskikber. De partij wol witte wêrom't foar de noarm fan 90.000 euro keazen is en wa't dêr it beslút oer naam hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)