Strân Harns krijt in 9,8

It ekstra opspuitsjen fan it strân fan Harns foar it begjin fan de simmer hat der mei foar soarge dat Harns ien fan de skjinste strannen fan Nederlân wurden is. Dat seit wethâlder Maria le Roy. Woansdei waard bekend dat it Harnzer strân it predikaat "Zeer schoon strand" krige fan de sjuery fan NederlandSchoon.
De sjuery joech it strân sels in 9,8 as rapportsifer en it publyk wurdearre it strân mei in 8,3. Dit jier waard foar it earst in ekstra grut stik strân mei sân opspuite en neffens Le Roy hat dat fertuten dien.
Ek de ynset fan frijwilligers om it strân skjin te hâlden en it moaie waar hat foar de hege wurdearring soarge. By de yngong fan it strân hinget no in boerd mei fjouwer stjerren en de titel "Zeer schoon strand".