Greidefûgelbeskerming ôftwinge

05 sep 2013 - 21:54

De provinsje soe boeren yn de takomst fia it streekplan mooglik twinge moatte om de greidefûgels better te beskermjen. Dat fine fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Steaten, Irona Groeneveld, en Rindert Algra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Beide wienen tongersdei by in greidefûgel-kennisdei.

Dêr die op 'e nij bliken dat beskerming fan greidefûgels en it frije ûndernimmerskip fan boeren in drege kombinaasje bliuwt. Der binne wol boeren dy't harren bedriuwsfiering suksesfol keppelje oan beskerming, mar dochs rint de fûgelstân werom.

Gearwurking, ferheging fan it kennisnivo by de boeren en in taslach op de molkpriis biede mooglikheden foar ferbettering. Mar as it net oars kin moat de polityk de boeren twinge, fine Algra en Groeneveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)