Bouwmeester no twadde op EK

05 sep 2013 - 21:49

Marit Bouwmeester kaam tongersdei mar ien kear yn har Laser Radial yn aksje op it EK yn Ierlân. Dat kaam omdat der amper wyn stie. De sylster út Warten waard kreas twadde en stiet no ek twadde yn de tuskenstân. Annalise Murphy, oant no ta fierwei de bêste op har thúswetter, hie in misse dei. Se waard 27e. Dat resultaat kin se ôflûke. Dêrom giet se noch hiel rom oan de lieding mei 9 punten. Bouwmeester hat 26 en de nûmer trije Alison Young hat 29 punten. Freed wurde der noch trije races syld. De skraste wedstriid wurdt dan ynhelle.

Trefwurden: 
sile Marit Bouwmeester EK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)