Motorrider komt om by ûngelok

Traumahelikopter © ANP Kippa
De 32-jierrige motorrider fan Sumar dy't woansdeitemiddei earnstich ferwûne rekke op de Van Harinxmawei by Burgum, is tongersdeitemiddei ferstoarn yn it UMCG yn Grins. De man seach nei alle gedachten te let dat it ferkear foar him stil stie. Hy besocht in oanriding foar te kommen troch út te wiken, mar ferlear dêrby de kontrôle oer de motor en rekke in beam.
It slachtoffer waard per mei de traumahelikopter ferfierd nei it UMCG. Tongersdeitemiddei is de man ferstoarn oan syn ferwûnings. Der wurdt noch ûndersocht wat der krekt bard is.