Opinypanel: Maastricht wint

Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018
Maastricht makket de grutste kâns om Kulturele Haadstêd 2018 te wurden. Dat docht bliken út it ûndersyk fan it EenVandaag opinypanel. Fan de Fryske panelleden ferwachtet 42% dat Maastricht winne sil. Us eigen haadstêd stiet neffens de Friezen op it twadde plak mei 39%. Eindhoven kriget net folle kâns mei mar 2%. Under de panelleden út Brabân en Limboarch skoart Maastricht ek it bêste, mei 44% en 60% fan de stimmen.
De suderlingen skatte de kânsen fan Ljouwert net al te heech yn, nammentlik 2% en 5%.
Ut it ûndersyk docht boppedat bliken dat 60% fan de Friezen it der net mei iens is dat der sa'n soad jild útjûn wurdt oan de Kulturele Haadstêd. Wol ferwachtet itselde persintaazje dat Fryslân op toeristysk gebiet profitearje sil wannear't wy wol Kulturele Haadstêd wurde. In romme mearderheid tinkt dat de provinsje him sa goed op 'e kaart sette kin.