Omrin: gjin ôffal út bûtenlân

Omrin is net fan doel om ôffal út it bûtenlân nei Harns te heljen. Dat seit direkteur John Vernooij yn reaksje op in berjocht yn de parse. Der leit wol in oanfraach by de provinsje om jierliks mear ôffal yn de REC te ferbrânen, mar dat moat út it noarden fan it lân komme. It giet dan om yndustry-ôffal dat nei ferwurkers bûten de provinsje giet.
It ôffal wurdt net yn skippen oanfierd, lykas tasein wie, mar dat komt omdat de gemeenten Harns en Skarsterlân net foar kaden soargje, seit Vernooij.
Omrin wol mear ôffal ferbrâne sadat de kosten leger wurde en it goedkeaper foar de Friezen wurdt.