Kaartferkeap foar Fryske derby

05 sep 2013 - 14:56
  • De foarferkeap foar de derby.
  • De kaartferkeap foar de derby.
  • De kaartferkeap foar de derby.

By it Cambuurstadion yn Ljouwert is tongersdeitemiddei om 15.00 oere de kaartferkeap begûn foar de wedstryd SC Hearrenfean-SC Cambuur. Dy wedstryd wurdt op 29 septimber spile yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. It is foar it earst yn jierren dat beide ploegen wer tsjin elkoar útkomme yn de earedivyzje.

Der binne foar Cambuursupporters 1200 kaarten beskikber. Tsientallen fans stiene fier foar trijen al foar it stadion te wachtsjen om in kaartsje foar de derby fan it Noarden te bemachtigjen.

Yn totaal binne der goed 1200 kaarten beskikber foar de Cambuur-fans. As it tongersdei net útferkocht rekket is der moarn noch in kâns. Dan kinne ek de net-seizoenkaarthâlders kaarten keapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)