Snorfytser 50 km te hurd

05 sep 2013 - 12:44

In 17-jierrige snorfytser út Easterein is woansdeitemiddei yn Snits syn brommerrydbewiis kwytrekke, omdat er fierstente hurd ried. In motorplysje registrearre in snelheid fan 73 kilometer yn de oere, in lytse 50 kilometer te hurd.

Hy waard oan de kant setten en moast syn rydbewiis ynleverje. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)