Ljouwerter mei wapen oppakt

05 sep 2013 - 12:20

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 37-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Plysjes seagen de man fytsen op de Arnold Feystrjitte. Hy hie ferskate tassen oan it stjoer hingjen.

By kontrôle die bliken dat yn ien fan de tassen in foarwurp siet, dat op in fjoerwapen like. Boppedat hie de man softdrugs en speed by him. Dat guod is allegear yn beslach nommen. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert wapenbesit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)