Dútsk bedriuw nimt ATT oer

Sinnepanielen © ANP XTRA
It fallite sinnepaniele- en touchscreenfabryk ATT yn Ljouwert wurdt oernaam troch it Dútske Hummel AG. Dat hawwe de nije eigener en kurator Evert Jan Rotshuizen krekt bekend makke. De 25 meiwurkers hâlde har baan. Der sille grutte touchscreenskermen makke wurde. Der wurdt socht nei in nij plak, want it fabryk is te grut, fynt de nije eigener.
Dy sjocht grutte mooglikheden foar groei, foar 2012 wurdt in omset fan 800.000 euro ferwachte, dat moat alle jierren mei de helte groeie.
De Noordelijke Ontwikkelingsmaatskippij stuts inkele jierren lyn 7 miljoen euro yn it bedriuw.