'Skylge is wol bestjoerber'

Skylge is en bliuwt bestjoerber, seit waarnimmend boargemaster Rob Bats. Skylge soe ûnbestjoerber wêze nei de splitsing yn de riedsfraksje fan Plaatselijk Belang Terschelling. Twa leden binne der útstapt. Probleem is dat PBT mei de PvdA yn it kolleezje sit. Fierder wurdt wethâlder Spanjer fan Pleatslik Belang fan yllegale praktiken beskuldige. Der soe sels in yntegriteitsûndersyk tsjin him rinne. Net wier, seit boargemaster Rob Bats.
Der wurdt socht nei in oare mearderheid yn de ried mei help fan it CDA en de VVD.