Sjoernalisten beprate takomst

Wurkleaze sjoernalisten en mei wurkleazens bedrige sjoernalisten yn it noarden fan it lân komme tongersdei yn Drachten byelkoar om te praten oer harren takomst. Troch reorganisaasjes by de kranten en besunigings op de publike omroppen ferdwine der de kommende tiid hûnderten sjoernalistike banen yn it Noarden. By de kranten en ek by Omrop Fryslân binne minsken twongen ûntslein.
Der wurdt praat oer fragen as it sykjen fan in oare baan en wat it perspektyf is foar wurkleaze sjoernalisten. De gearkomste is yn it Van der Valk hotel.