Plysje drok mei ferrotte fisk

De plysje hat it woansdeitejûn yn Snits drok hân mei in pakketsje, dat troch in kuierder fûn wie yn in reidkraach op de Zuidwesthoek. It pakje stonk sa bot, dat der rekken mei hâlden waard dat der minsklike resten ynsitte soene. De plysje skeakele saakkundigen yn om it te ûndersykjen. Ut dat ûndersyk die bliken, dat it net gie om de oerbliuwsels fan in minske, mar om ferrotte fisk.
De gemeente hat de fisk oprêden. Wa't it pakketsje achterlitten hat, is net bekend. De plysje docht dêr fierder ek gjin ûndersyk mear nei.