Earnstich ûngelok motorrider

04 sep 2013 - 20:35
  • Traumahelikopter

In 31-jierige ynwenner fan Sumar is woansdeitemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Van Harinxmawei by Burgum. De man botste mei de motor op in rige wachtsjende auto's. Hy kaam fia it fytspaad yn de boskjes ta stilstân. De man is mei swiere ferwûnings troch de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't de man der oan ta is, iwie woansdeitejûn ûnbekend.

Troch it ûngelok ûntstie tusken Nyegea en Burgum twa twa kilometer stadich ridend ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)