Eigeners grêfmonuminten socht

De plysje is op syk nei de eigeners fan goed 25 grêfmonuminten. De grêfmonuminten komme fan begraafplak Schoterhof op It Hearrenfean. In ynwenster fan it doarp dy't yn de war wie, hie de monuminten fan de grêven helle en mei nei hûs naam. Mar se wit net mear fan hokker grêven se komme en der stiet ek gjin namme op.
Mei in oprop hopet de plysje dat de eigeners harren melde. De grêfmonuminten steane útstald by it krematoarium op Schoterhof en kinne dêr ek ophelle wurde.