De Ridder fertochte falsk spul

Dirk de Ridder yn aksje by Volvo Ocean Race 2005-2006 © ANP
Seesiler Dirk de Ridder fan Terkaple mei net meidwaan oan de America's Cup dy't dit wykein fan start giet yn San Francisco. De Ridder wurdt fertocht fan falsk spyljen. Hy en noch twa oare silers soene ferline jier by deselde America's Cup sjoemele hawwe mei it gewicht fan in tal boaten.
De sjuery bestrafte syn ploech Oracle mei in boete fan 190.000 euro en twa strafpunten. De Ridder hie as trimmer in wichtige funksje op de boat. Syn plak sil ynfolle wurde troch in ploechmaat.
It Keninklik Nederlânsk Wettersportferbûn wol noch gjin stânpunt yn nimme yn dizze saak. It bûn wachtet earst de offisjele brief ôf.