101 bern winne fan Tûvalû

04 sep 2013 - 18:09

Hûndert-en-ien bern fan SC Stiens ha woansdeitemiddei mei 5-2 wûn fan de nasjonale seleksje fan Tûvalû. De wedstriid waard spile as seizoenstart fan de pleatslike fuotbalklup. De bern spylje gewoanwei by de E- en F-pupillen fan Stiens. Se fûnen it prachtich om ris tsjin in echte profesjonele ploech te spyljen. Ek it publyk hie in moaie middei. Neist de wedstriid wiene der ek noch tal fan oare aktiviteiten om it seizoen útein te setten.

Woansdeitejûn giet de haadseleksje fan SC Stiens de striid oan mei it Tûvalûaanske alvetal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)