Pontsje by Suwâld wer klear

04 sep 2013 - 17:20
  • Pontsje by Suwâld is stikken

It pontsje fan Suwâld is wer makke. De boat rekke ferline wike stikken fanwege in flinke klap op 'e stiennen lâns de wâlskant fan it Prinses Margrietkanaal. De pont is yn Burgum repareard en dêr woansdeitemiddei wer te wetter litten en nei Suwâld ta fearn.

Fan tongersdei ôf kinne minsken wer gebrûk meitsje fan it pontsje dat de oerstek makket tusken Suwâld en Garyp.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)