HKN boubedriuw wol trochstart

04 sep 2013 - 16:51

Houtskeletboubedriuw HKN-Eemshout op It Hearrenfean wol in trochstart meitsje. It fallisemint is oanfrege troch fakbûn CNV Vakmensen. Meiwurkers krigen har lean net op tiid of krigen mar in diel fan har jild. Dêrmei wie it fertrouwen te bot skeind om fierder te gean. Direkteur Pieter de Boer begrypt de kar fan it fakbûn om it fallisemint oan te freegjen.

Mei de mooglike trochstart soene 17 fan de 47 minsken har baan hâlde kinne. Yn april begûn de direksje al mei in reorganisaasje. Dat koste tefolle tiid en koste it bedriuw de kop.

Ek de ekonomyske minne tiden en de lange winter binne neffens De Boer de oarsaak fan it fallisemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)