Fermiste man yn Rânestêd

24 jan 2012 - 17:01

De fermiste Lammert Haven fan De Westereen is yn de Rânestêd sinjalearre. De man wurdt sûnt in wike fermist. Hy hat syn bankpas brûkt, wêrnei't de plysje de bylden fan de bewakingskamera opfrege hat.

De man oan de pinautomaat waard werkend as de 46-jierrige Haven. Omdat hy yn goede sûnens liket, hâldt de plysje no op mei it ûndersyk nei syn fermissing. Der hat noch gjin kontakt west mei de man.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)