Soad lju wolle mei Syb sjonge

24 jan 2012 - 16:38

Al hast 1500 minsken hawwe har opjûn om op 22 maaie mei sjonger Syb van der Ploeg in liet te sjongen by de iepening fan it fernijde provinsjehûs. 'Mei-inoar ien' is de titel fan it iepeningsliet dat Syb spesjaal skreaun hat en dat er mei help fan hast 50 koaren repetearje en úteinlik opfiere sil.

Yn de studio fan Syb wurdt op it stuit wurke om de muzyk en sang op in cd te setten. De dielnimmende koaren kinne der dan mei oefenje. Fryske koaren kinne har noch oanmelde oant 1 febrewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)