Triviant yn Frjentsjer iepene

© Omrop Fryslân/Remco de Vries
Yn Frjentsjer is moandei offisjeel de multyfunksjonele akkommodaasje Triviant iepene. Dat is in plak dêr't bern fan pjutten oant pubers opfongen wurde en nei skoalle gean. Neffens de inisjatyfnimmers is dat unyk yn Nederlân.
Der is 7,5 miljoen euro ynstutsen, mar dat soe noch folle mear wêze as alle ynstellings in eigen gebou krije soene. Yn it gebou sit fuortset ûnderwiis fan Simon Vestdijk, basisskoalle De Opslach en ferskillende foarmen fan berneopfang.
Yn 't foar wiene guon âlders benaud foar de konfrontaasje fan basisskoallebern mei pubers fan it Simon Vestdijk, mar der hawwe oant no ta gjin problemen west en dat liket ek sa te bliuwen.