Mear Stienzers foar Ljouwert

24 jan 2012 - 12:22

In lytse mearderheid fan de ynwenners fan Stiens wol dat Ljouwerteradiel mear gearwurket of fusearret mei de gemeente Ljouwert. Dat docht bliken út ûndersyk dat de NHL Hegeskoalle útfierd hat yn opdracht fan pleatslik belang Stiens. 54 persint is foarstanner fan Ljouwert. Fan de ynwenners boppe de 60 jier is sels 63 persint foar gearwurking of in fúzje mei Ljouwert.

In mearderheid yn de ried fan Ljouwerteradiel is tsjin oansluting mei Ljouwert en fielt mear foar Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en Littenseradiel.

Trefwurden: 
weryndieling Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)