Wer fallisemint skip Shipping

Rederijbedriuw JR Shipping yn Harns hat opnij it fallisemint oanfrege foar ien fan de skippen yn syn float. Ferline wike waard bekend dat foar it skip Elusive it doek fallen is. Dizze wike is foar it sustersip Elektra it fallisemint oanfrege. Oarsaak is dat de omset oer ferline jier en it jier dêrfoar troch de ekonomyske krisis leger útfoel as dêr't rekken mei hâlden wie.
De kosten foar it ûnderhâld en de geregelde ynspeksje fan de skippen binne dêrtroch net mear op te bringen.
JR Shipping liet partikulieren ynvestearje yn syn float. Minsken dy't dat dien ha, binne op de hichte brocht fan it fallisemint fan de twa skippen.