290 miljoen euro foar berne-opfang

15 sep 2015 - 18:11

De berne-opfang fiert tiisdei in lyts feestje. Nei jierren fan besunigings komt der ekstra jild by: 290 miljoen euro. Doel is dat âlden gesin en wurk better kombinearje kinne, en dêr heart betelbere berne-opfang by, sa fynt it kabinet.

De ôfrûne jierren hat de berne-opfang flinke klappen krigen. Troch besunigings moasten der minsken út en gongen lokaaskjes ticht, want âlden holden de bern thús of dy gongen nei pakke en beppe. De opfang wie foar in soad minsken gewoanwei te djoer.

Mei de 290 miljoen euro fan Prinsjesdag is der jild foar 7000 ekstra banen yn de berne-opfang, is de ferwachting. Fierder sille nei alle gedachten sa'n 50.000 wurkjende heiten en memmen wer gebrûk meitsje fan de opfang. Want troch de hegere taslach wurdt it folle goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)