290 Meter argyf nei Tresoar

19 jan 2010 - 19:50
  • Tresoar krijt der 290 meter provinsje-argiven by

De provinsje makket romte yn har argiven. Dizze wike giet 290 meter argyf oer nei Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum. It argyf wie oarspronklik sa'n 1200 meter lang, mar de amtners ha earst al flink oan it skiften west. Wat der no noch oer is, moat bewarre bliuwe.

It giet om amtlike stikken út de jierren tusken 1962 en 1986. Minsken dy't nijsgjirrich binne nei wat der yn stiet kinne de stikken ynsjen by Tresoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)