Risiko's firus foar mins ûnwis

jongfee © Omrop Fryslân
De risiko's foar de folkssûnens fan it Schmallenbergfirus binne noch tige ûnwis. It kin hiel bot tafalle, der is noch gjin inkeld ferbân oantoand tusken de feesykte en it gefaar foar de minsk, mar feehâlders en feedokters moatte op har iepenst wêze. Dat seit Piet Vellema, feedokter en wurdfierder fan de 'Gezondheidsdienst voor Dieren'.
Moandei joech hy foarljochting op in grutte byienkomst op It Hearrenfean oer it Schmallenbergfirus, dêr't 180 boeren opôf kamen.
Tiisdei is der in gearkomste fan feedokters yn Utert, dêr't er it wurd docht.