Jonge betellet mei falsk jild

24 jan 2012 - 10:32

In 15-jierrige Ljouwerter is moandei oanhâlden nei't er yn in winkel oan it Johannes Kolfplein besocht om mei falsk jild te beteljen. In meiwurker seach dat it biljet fan 10 euro falsk wie. De plysje hold de knaap oan.

Ut ûndersyk die bliken dat de jonge earder op de dei ek al betelle hie mei in falsk biljet fan 10 euro. Dat wie doe net opfallen.

Trefwurden: 
falsk jild
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)