Fertraging fúzje Friese Meren

De trije gemeenterieden fan De Friese Meren kinne noch net ynstimme mei de plannen foar de weryndieling. Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân moatte it iens wurde oer in mienskiplike regeling om it amtlike en mooglik ek it bestjoerlike apparaat te fusearjen. Dat moat as opmaat tsjinje ta de úteinlike weryndieling.
Der is lykwols in soad ûndúdlikens oer de konsekwinsjes fan de regeling. Boppedat makket de ûndernimmingsried him grutte soargen oer de konsekwinsjes foar it personiel. De plannen rinne no inkele wiken fertraging op.