Meubelsaak Slauerhoff fallyt

04 sep 2013 - 12:02
  • Meubelsaak Slauerhoff
  • Boarstbyld Slauerhoff yn de meubelsaak yn Ljouwert
  • Plakkaat Slauerhoff
  • Briefke oer sluting Slauerhoff

Nei hast 125 jier liket der in ein kommen oan de bekende Ljouwerter meubelsaak Slauerhoff oan de Foarstreek yn Ljouwert. De saak wie tiisdei foar it lêst iepen. Foar de Ljouwerter rjochtbank is it fallisemint oanfrege. Yn it markante gebou oan de Foarstreek is de bekende dichter Jan Jacob Slauerhoff opgroeid. Hy is yn in hûs oan de oare kant fan de strjitte berne.

Wim Hazeu, de biograaf fan Slauerhoff, soe it dêrom hiel spitich fine as de namme Slauerhoff fan de gevel ferdwynt.

Ljouwert moat goed om it literêre erfskip fan Slauerhoff tinke. Yn de meubelsaak steane ûnder oare in replika fan in boarstbyld en de skipskiste fan de dichter. Dy moatte goed bewarre wurde. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert fynt ek dat goed om de neilittenskip tocht wurde moat. Syn foarkar giet der nei út om dêr in plak foar te finen op de Foarstreek. It moaiste soe wêze as der de saak in trochstart meitsje kinne soe mei behâld fan de namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)