Swimbad Gytsjerk langer iepen

04 sep 2013 - 11:35

It iepenloftswimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk is dizze wike langer iepen foar swimmers. It moaie waar is reden foar it swimbad dizze wike net allinnich moarns iepen te wêzen, mar ek middeis en in part fan de jûn. It iepenloftswimbad hat in striemin foarjier draaid en ferwachtet dizze wike dochs noch wat ekstra ynkomsten te heljen. It bad is woansdei iepen tusken 13.00 oere middeis en 20.00 oere jûns. Ek tongersdei en freed kin middeis swommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)