SUPalvestêdetocht fan start

04 sep 2013 - 10:52
  • Supalvestêdetocht

De SUPalvestêdetocht is woansdei yn de Ljouwerter Prinsetún begûn. Sa'n 200 dielnimmers steane op in surfplanke en peddelje (Stand Up Paddle) by de alve stêden del. Op de earste dei geane se fan Ljouwert nei Sleat. Snein is de lêste dei, de finish is wer yn de Prinsetún.

Yn fiif dagen tiid ha se der dan 220 kilometer op sitten. De tocht wurdt foar de fyfde kear organisearre. De measten dogge solo mei oan de wedstriid. Oaren dogge de tocht yn teamferbân. De dielnimmers binne ek op ynternet te folgjen.

Se ha allegear in gps-stjoerderke by har sa't se fia de webside www.sup11citytour.com te sjen binne, klikke op Live Tracking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)