Nijntje yn tal fan streektalen

Nijntje © ANP Kippa
Nijntje-boekjes yn ferskate streektalen binne in sukses. Yn goed in wike hat de Fryske útjouwer Bornmeer al 8.000 boekjes ferkocht. Nijntje is ferskynd yn it Brabânsk, Maastrichtsk, Twintsk en Sieusk. Utjouwer Bornmeer hat earder al in Fryske, Latynske en Aldgrykske ferzje útbrocht.
Oersettings yn ferskate talen wurde no taret. Nijntje is oer de hiele wrâld yn in soad talen oerset en is populêr as foarlêsboek foar pjutten.