Brommer tsjin auto by Wurdum

04 sep 2013 - 10:00
  • Plysje-embleem

In 16-jierrige brommerrider út Britswert is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Bredyk yn Wurdum. De jonge botste by it stik dêr't oan de dyk wurke wurdt tsjin de auto fan in 52-jierrige man út Edam. It slachtoffer moast nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)