Eask 6 jier foar oerfal

Rjochtbank Ljouwert
Tsjin in 23-jierrige frou út Nijkerk is seis jier selstraf easke. Se is ien fan de haadfertochten fan in oerfal op in hûs yn Easterwâlde. In twadde fertochte, in 29-jierrige man, hat earder acht jier selstraf krigen..
De saak tsjin de frou wie earder oanhâlden om't se yn ferwachting wie. Twa oare fertochten binne frijsprutsen. De fertochten soene begjin ferline jier by in hûs yn Easterwâlde oanbelle hawwe. Se bûnen de bewenners fêst en mishannelen harren, wylst se it hûs trochsochten.