Fryske muzyk yn Switserlân

23 jan 2012 - 19:07

De orkesten op it Switserske muzykkonkoers Walberg Contest 2012 sille dit jier in Fryske komposysje spylje. It stik is skreaun troch komponist Jan de Haan fan Oranjewâld en hat de titel Musica Helvetica krigen. De Haan sil op it konkoers sels yn de sjuery sitte.

It is net foar it earst dat De Haan in muzykstik skriuwt foar in konkoers. Earder al skreau er in stik foar de Nederlânske Brassbandkampioenskippen. De Haan mei letter dit jier ek oan it wurk foar it Dútske muzykûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)