Glês op de dyk troch botsing

© Omrop Fryslân: Feike Wouda
Ferkear op de Planeteleane yn Ljouwert stie woansdeitemoarn yn de file om stikkene glêsplaten. Dy wiene op de dyk fallen nei in ûngelok op de krusing fan de Planeteleane mei de Suderkrúswei. It buske mei de glêsplaten botste achterop in auto dy't nei alle gedachten ôfslaan woe.
Net ien rekke ferwûne. De bestjoerder fan de auto is troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.