Eindhoven leaut yn kâns KH2018

De bewenners fan Eindhoven hawwe nei de presintaasjes fan tiisdei mear fertrouwen krigen yn de kânsen foar harren stêd om yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa te wurden. De sjuery dy't fêststelt hokker stêd wint, wie tiisdei op besite yn Eindhoven.
Nei ôfrin fan de besite woe de sjuery neat sizze oer de kânsen fan de ljochtstêd. Wol waard sein dat de sjuery ûnder de yndruk wie fan it programma yn Eindhoven. Mar der waard by sein dat dat yn Ljouwert ek sa wie. De sjuery is woansdei yn Maastricht. Freed wurdt bekend hokker stêd wûn hat.